Ljouwert op tredde plak fan meast gastfrije 'toiletgemeenten'

Ljouwert is nei Alkmaar en Amersfoort de meast gastfrije gemeente fan Nederlân wat iepenbiere húskes oanbelanget. Yn de gemeente is der ien toilet foar yn trochsneed 1.747 ynwenners. De gemeenten Alkmaar (1.436) en Amersfoort (1.455) stean dêr noch in ein boppen.
© ANP
Ferline jier wie Súdwest-Fryslân noch de meast gastfrije 'toiletgemeente' fan ús lân. Om't der gjin nije toiletten bykommen binne, is Súdwest dit jier fjouwer plakken leger te finen.

HogeNood

De sifers komme fan de app HogeNood. Dy hat foar it fjirde jier op rige in ranglist makke oer de 'toiletfreonlikens' fan de fyftich grutste Nederlânske gemeenten.
In soad lytsere gemeente, dy't it wol goed dogge op it mêd fan de iepenbiere húskes, binne dêryn net meinommen. Achtkarspelen bygelyks, soe oars de heechste skoare fan Nederlân helje, seit Ivo Thonon fan de Maag Lever Darm Stichting.

Achtkarspelen

"In Buitenpost heeft een inwoner zelf het initiatief genomen, in samenwerking met dorpsbelang. Daar zijn het afgelopen jaar negentien toiletten toegevoegd, waarmee Achtkarspelen nu één opgestelde wc per driehonderd inwoners heeft. Dat is de hoogste score van heel Nederland!"
Meardere organisaasjes, lykas de Maag Lever Darm Stichting en ferskate pasjinteorganisaasjes, roppe op mear iepenbiere húskes oan te lizzen foar minsken dy't dêr ferlet fan hawwe. It ôfrûne jier binne der goed 1500 iepenbiere húskes bykommen, mar dat binne der noch hieltyd te min, fine de organisaasjes.
Ivo Thonon fan de Maag Lever Darm Stichting
© HogeNood