Keninklike ûnderskieding foar doarpskrantemakker en foar skiedend brânwachtman

19 nov 2019 - 09:00

"Het heeft Zijne Majesteit de Koning behaagd", dat klonk moandeitejûn op twa plakken yn ús provinsje. De tradisjonele sin heart by it útrikken fan lintsjes. Dy giene moandei nei Kiena Bouwer fan De Haule en Reitze Lemstra fan De Lemmer.

Kiena Bouwer en boargemaster Harry Oosterman - Foto: Pleatslik Belang Haule

Kiena Bouwer krige de ûnderskieding foar al har frijwilligerswurk. Sa hat se 35 jier lang de doarpskrante fan De Haule fersoarge en is se aktyf by de Stellingwerver Schrieversrondte. Bouwer krige de ûnderskieding opspjelde troch boargemaster Harry Oosterman by de kombinearre gearkomste fan pleatslik belang De Haule en de stichting Haulewelle.

It lintsje foar Reitze Lemstra wie bedoeld foar syn ynset foar de frijwillige brânwacht, dêr't hy ein dit jier nei goed tritich jier ôfskied fan nimt. Boargemaster Fred Veenstra spjelde Lemstra de ûnderskieding op by syn ôfskied yn de Lemster brânwachtkazerne.

(advertinsje)
(advertinsje)