Al tsientallen reaksjes op syktocht nei Joadske bern

De syktocht nei Joadske bern dy't yn de oarloch ûnderdûkt sitten ha yn Fryslân, hat oant no ta al tsientallen reaksjes opsmiten. It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' besiket dy bern werom te bringen nei Fryslân yn maaie takom jier, by it betinken fan 75 jier befrijing.
Start projekt Joadske bern
It projekt waard freed lansearre. Dêrnei ha tsientallen minsken fan oer de hiele wrâld kontakt socht fia de spesjale webside. Ek Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad krije reaksjes fan minsken dy't mear witte oer Joadske bern dy't de oarloch trochkaam binne by in Frysk pleechgesin.

Amearika, Kanada, Israel

"It begûn fuortendaliks al doe't wy it projekt lansearren", fertelt inisjatyfnimmer Gerard van der Veer. "Fia de mail, de telefoan, de reaksjes komme binnen. It komt oeral wei. Ut Amearika, Kanada, Israel. Dit hie ik net ferwachte, mar ik wist wol dat dit ferhaal in hiel soad mei minsken docht."
De syktocht rjochtet him spesifyk op de bern dy't fanút Amsterdam yn de oarloch nei Fryslân smokkele binne. "Mar der binne fansels ek noch in soad oare Joadske bern nei Fryslân kommen", neffens Van der Veer. "Dêr krije wy ek in soad berjochten fan."
Op de webside www.joodsekinderen.nl wurde alle ferhalen byinoar brocht.
Gerard van der Veer oer Joadske bern