Kollum: "Binne wy nuete skiep?"

19 nov 2019 - 08:15

"Wat is taal oars as in wize fan kommunisearjen? Wêrom soest muoite dwaan om in taal libben te hâlden as der oare en gruttere talen binne? Dat tocht ik nei it lêzen fan it pamflet Against English.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Ien fan de skriuwers dêrfan, histoarikus Niek Pas, seit it sa: 'Wij verkwanselen de Nederlandse taal.' It Nederlânsk, of eins it Hollânsk, stiet ûnder druk. Kolleezjes wurde fierhinne yn it Ingelsk jûn, yn hieltyd mear winkels en ytgelegenheden wurdt de klant yn it Ingelsk oansprutsen. Der hearsket in lichte panyk oer de delgong fan it Hollânsk, benammen by skriuwers, juristen, wittenskippers en sjoernalisten. In part fan de trochsneed befolking fynt it ek in minne saak, hoewol't in protte âlders fan bern it wichtiger fine dat harren neiteam goed Ingelsk praat, as dat se it Hollânsk flaterfrij behearskje.

Stikem moat ik laitsje om al dy opskuor. Ommers, it proses dêr't it Hollânsk no mei te meitsjen hat, is ien dêr't it Frysk al hiel lang yn sit. Wat dat oangiet kinne de Hollânske taalhoeders wol nei Fryslân takomme foar wat tips en trúks, oer hoe't je mei sa'n sitewaasje omgean. Ik lês gjalpen as: "Taal is meer dan een nuttig hulpmiddel om een boodschap van zender naar ontvanger over te brengen. De Nederlandse taal is niet mooier of lelijker dan andere talen, maar het is wel onze taal. Als er iets is dat ons verbindt, dan is het taal."

Der is ek hast gjin animo mear foar de Stúdzje Nederlânsk. Diederik Oostdijk, haad fan de ôfdieling taal, literatuer en kommunikaasje oan de VU te Amsterdam, neamt it in 'verschraling van de Nederlandse cultuur', no't hieltyd minder studinten harren yn dy taal ferdjipje. Mei oare wurden: der hearsket panyk, gaos, dusoarder en ûntheistering yn Nederlân taallân. Koade read en lûde sirene's. Wat my werombringt by ien fan de earste fragen: wêrom soest muoite dwaan om in taal libben te hâlden as der oare en gruttere talen binne?

In begjin fan in antwurd is te finen yn it boek 1984 fan George Orwell. Yn dy wrâld, ús wrâld, is noch mar ien taal. Makke en kontrolearre troch de steat as in ynstrumint om de frijheid fan gedachten en konsepten dy't in gefaar foarmje, lykas selsekspresje en yndividualiteit, te beheinen. De personaazjes yn Orwell syn boek ha sa'n lytse wurdskat, dat se gjin subversive gedachten mear ha kinne. De minske yn 1984 is troch dy iene taal in maklik te kontrolearjen, nuet skiep.

Yn taal sit in ûnhuerich protte kennis oer de skiednis en de wrâld, oer de ekology, oer planten en bisten. In koade fan fitale, wêzentlike ynformaasje dy't sels libbens rêde kin. Dat besef kringt no ek stadichoan yn Hollân troch. Mar as it dêr net sa bot slagje wol foar wat it rêden fan de taal oangiet, ha ik noch ien gratis en fergees advys: Praat mar Frysk!"

(advertinsje)
(advertinsje)