Vermilion oer klachten Sânhuzen: "Overlast kan altijd ontstaan"

19 nov 2019 - 07:37

Gasboarringen yn Sânhuzen soargje foar in soad oerlêst yn de omjouwing. It lûd wie ôfrûne freedtenacht sels sa slim, dat it neffens omwenners like op in loftalarm.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Gaswinningsbedriuw Vermilion is sûnt 1 oktober dei en nacht dwaande om in buis nei it gasfjild te boarjen fan wêrút letter gas omheech komme sil. Dizze wurksumheden meitsje in soad leven, wêrtroch't guon omwenners út 'e sliep hâlden wurde.

Tariedingen ferpleatst

Vermilion soe yn juny starte mei de tariedingen om yn de takomst nei gas boarje te kinnen yn Sânhuzen. Troch de stikstofproblematyk waard dat ferpleatst nei 1 oktober. Sûnt dy tiid hawwe de bewenners lêst fan in soad leven en ljocht dat fan de ynstallaasje komt.

Neffens Hidde Baars, wurdfierder fan Vermilion, kinne boarringen lykas dizze by Sânhuzen net sûnder oerlêst plak fine. "Overlast kan altijd ontstaan. Dit soort boringen gaan 24 uur per dag door en dat is nodig om het proces te kunnen doen. Het is 's nachts wel minder actief of hoorbaar dan overdag."

Oerlêst troch oandriuwing

Ofrûne freedtenacht wie in útsûndering, neffens Baars. "Die overlast kwam door een hydraulische aandrijving. Inmiddels hebben we die niet meer op volle kracht werken. We nu zitten in de afrondende fase. We gaan proberen de overlast te minimaliseren en in gesprek te gaan met mensen die er last van hebben."

Wurdfierder Hidde Baars fan Vermillion

Ynwenners fan Sânhuzen en Noardwâlde hawwe klachten yntsjinne by Staatstoezicht op de Mijnen (SodM), by it ministearje fan ekonomyske saken en by Vermilion sels. Ek de gemeente Weststellingwerf en de provinsje hawwe klachten ûntfongen.

(advertinsje)
(advertinsje)