Noch lyts part fan Ljouwerter wyk Huzum sûnder stroom

19 nov 2019 - 12:04

In lytse tritich húshâldens yn de Ljouwerter wyk Huzum sitte noch sûnder stroom. Dat meldt netwurkbehearder Liander. De steuring begûn moandei oan it begjin fan de jûn, troch in brân yn in transformatorhûs. Neffens Liander wurde de lêste huzen tiisdei wer fan stroom foarsjoen.

Yn earste ynstânsje sieten goed 2.000 huzen sûnder stroom, mar yn de rin fan de jûn slagge it Liander om 80 prosint dêrfan wer fan stroom te foarsjen. By sa'n 350 oaren slagge dat yn de rin fan de nacht. De lêste huzen, benammen yn de Van de Veldestrjitte, sitte noch hieltyd sûnder.

Dat it sa lang duorret, dêr is neffens Jelle Wils fan Liander net in soad oan te dwaan. "We moeten de kabels opgraven en op een ander station aansluiten", sa fertelt hy. "Omdat het transformatorhuisje helemaal is uitgebrand, kan die helemaal niet meer worden gebruikt."

Oarsaak

Hoe't de brân yn it transformatorhûs ûntstien is, wurdt tiisdei besjoen. Nei alle gedachten is der fanwegen koartsluting brân ûntstien.

Buertbewenners dy't noch gjin stroom hawwe, kinne salang by buorlju terjochte. By Bianca Homma bygelyks, dêr mochten guon minsken gebrûk meitsje fan de dûs en krije se waarme tee en kofje.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Jelle Wils fan Liander

Bianca Homma naam de opfang foar buorlju foar har rekken

De steuring ûntstie troch in brân yn in trafohúske - Foto: Camjo Media, Robert Jan Boonstra
Trefwurden: 
Ljouwert stroomsteuring Huzum
(advertinsje)
(advertinsje)