Eksploazje en fûle brân ferniele wenhûs op 'e Jouwer

19 nov 2019 - 03:10

Op De Jouwer ûntstie moandeitenacht in fûle útslaande brân yn in wenhûs oan de Stasjonsstrjitte. De brân begûn mei in eksploazje, dy't sa lûd wie dat de meldkeamer tsientallen meldings krige.

De brân waard bestriden troch de brânwacht fan De Jouwer en It Hearrenfean, mar dy koene net foarkomme dat it hûs ûnbewenber rekke. Ek de buorlju moasten in oar hinnekommen sykje fanwegen reek- en wetterskea.

Oft der ek persoanlike ûngelokken wiene troch de eksploazje en de brân wie lange tiid ûndúdlik, om't net ien wist wêr't de bewenner fan it hûs wie. De ravaazje yn de wente wie sa grut dat de brânwacht ek op it stuit dat de brân ûnder kontrôle wie, noch net útslute koe dat der noch ien yn hûs wie. De brânwacht hat letter de wenning noch in kear goed trochsocht en dêrby net ien oantroffen.

Oarsaak ûndúdlik

Oar de oarsaak fan de brân koe de brânwacht moandeitenacht noch neat sizze. De plysje sil dêr tiisdeitemoarn ûndersyk nei dwaan.

De ravaazje oan de Jouster Stasjonsstrjitte - Foto: Omrop Fryslân

Wurdfierder Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht

Trefwurden: 
brân De Jouwer eksploazje
(advertinsje)
(advertinsje)