Gasboarring Sânhuzen soarget foar oerlêst: "It liket wol loftalarm"

18 nov 2019 - 22:55

In lûd dat wol wat wei hat fan in loftalarm soarge dit wykein foar opskuor by bewenners fan Sânhuzen en Noardwâlde. Gasboarrings fan Vermilion yn Sânhuzen makken freed djip yn 'e nacht safolle leven dat it omwenners út 'e sliep hold.

Sjonger Daniël Oostra kaam krekt thús fan in optreden doe't er it hearde. Hy makke der in opname fan. It filmke fan Daniël Oostra smiet op syn Facebook-pagina in soad reaksjes op fan minsken dy't der ek lêst fan hienen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Sa klonk it dit wykein: In stikje út it filmke fan Daniël Oostra.

Patricia Staats wennet op sa'n 200 meter fan de boarlokaasje en sjocht der út har wenkeamer wei op út. Se hiene wol oerlêst ferwachte, mar dit is folle slimmer as dêr't se rekken mei holden. Yn in brief waard sein dat der sprake wêze soe fan 'enige overlast', mar dit is net te hurdzjen, neffens Staats. Mei oare omwenners hat se noch besocht de boarrings op te kearen, mar sûnder sukses.

Neffens it ministearje fan Ekonomyske Saken is der in omjouwingsfergunning ôfjûn en dêrom kin der net mear yngrepen wurde. Frou Staats set har protest noch wol formeel troch, mar se rekkenet net mear op in oplossing foardat it tariedende wurk ein desimber klear wêze sil. Dan binne de pipen yn de grûn en kin de úteinlike gaswinning begjinne.

"Maar er zijn nog heel veel kleine velden waar men dan weer gaat boren. Ook daar kan deze overlast ontstaan. Onze actie is erop gericht dat dit op die andere plekken voorkomen moet worden. Dit kan zo niet!."

Patricia Staats, mei op de eftergrûn de boarlokaasje - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Omwenner Particia Staats: "Dit kan toch niet?"

(advertinsje)
(advertinsje)