Undersyk nei skuorren yn nij fytspaad by Linde del

18 nov 2019 - 21:52

De skuorren yn it nagelnije fytspaad by it rivierke de Linde del hiene gauwer oan de gemeenteried trochjûn wurde moatten. Dat fine de riedsfraksjes fan GrienLinks en D66 yn Weststellingwerf. Sy hawwe it idee dat B en W it minne nijs ûnder de pet hâlden hawwe, sa waard moandei dúdlik op in kommisjegearkomste.

Foto as yllustraasje - Foto: Shutterstock.com

Wethâlder Jongebloed fynt net dat er nijs achterhâldt. Hy hie sels ek oer it fytspaad riden en sei oer de skuorren: "Daar krijg je geen zere bibs van."

In ûnôfhinklik buro ûndersiket no hoe't de skuorren ûntstien binne. It mankemint falt noch ûnder de garânsje fan de oannimmer dy't it paad oanlein hat, konkludearret Weststellingwerfs Belang. Nei in heal jier is de gemeente ferantwurdlik foar de kosten.

Mar D66 is der net sa gerêst op dat de gemeente der sûnder kosten foarwei komt. As bliken docht dat de gemeente keazen hat foar de ferkearde konstruksje, moatte sy dochs ta de bûse.

De gemeente hat de oanlis fan it fytspaad ôfstimd mei Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea en de omwenners. Yn it earste ûntwerp soe der in betonpaad komme, mar dat foldie net oan de stabiliteitseasken fan it wetterskip. Doe is der dochs keazen foar in fytspaad fan asfalt op in lichte betonfundearring.

(advertinsje)
(advertinsje)