Brân yn transformatorhûs soarget foar stroomsteuring yn diel fan Ljouwert

Troch in brân yn in transformatorhûs yn de Ferdinand Bolstrjitte yn Ljouwert sit in diel fan de wyk Huzum moandeitejûn sûnder stroom. De brânwacht is oproppen foar de brân, mar kin pas yn aksje komme as it transformatorhûs útskeakele is.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De brân soarget neffens netwurkbehearder Liander foar in stroomsteuring yn achttjin strjitten yn de stêd. It giet ûnder oare om de Ferdinand Bolstrjitte sels, de Hobbemastrjitte, Jan Lievensstrjitte en Wijnhornsterstrjitte. Neffens Liander is der yntusken in monteur oanwêzich. Healwei tsienen wurdt foareast oanhâlden as eintiid.