Swimme mei dolfinen, it kin yn Ljouwert mei VR-bril op

18 nov 2019 - 19:20

Swimme mei dolfinen: foar guon in eksoatysk útstapke op fakânsje, foar oaren in hast ûnmisber ûnderdiel fan in terapy. Soks is fansels lang net foar elk weilein, mar dêr komt feroaring yn. Marijke Sjollema hat in projekt betocht wêrby't it swimmen mei dolfinen eins oeral ûnderfûn wurde kin, sûnder de neidielen.

Marijke Sjollema - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster moat wachtsje oant er oan bar is by inisjatyfnimster Marijke Sjollema

By De Harmonie yn Ljouwert stiet in wetterbak dêr't minsken mei in saneamde virtual reality-bril op it wetter yn kinne. Dy bril kin ek ûnder wetter. Foar de swimmers liket it dan krekt as swimme se tusken de dolfinen.

Marijke Sjollema is inisjatyfnimster fan The Dolphins Swimclub VR. Har klup hat op útnûging en mei stipe fan de Rabobank tydlik in ferwaarme swimbad bûtendoar by De Harmonie ynstallearje litten. De bank wol yn it ramt fan it eigen projekt 'Innovation on Tour' mei dizze aksje fernijing foar it fuotljocht bringe.

Net elke foarbygonger koe efkes it wetter yn om mei de dolfinen te swimmen. Soks koe inkeld op útnûging fan de Rabobank. Sawat twahûndert minsken hiene harren yn it foar opjûn.

De dolfineswimmerij wurdt ek wol tapast as terapy, by minsken mei in beheining of om minsken rêstich te krijen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster hat efkes oan it drûchswimmen west

(advertinsje)
(advertinsje)