Gjin 1.500 meter foar Sven Kramer by de wrâldbekerwedstriid yn Poalen

Sven Kramer docht net mei oan de 1.500 meter by de wrâldbekerwedstriid yn Tomaszów Mazowiecki yn Poalen. Kramer twivele dit wykein al oer dielname yn Poalen, neidat er by de wrâldbekerwedstriid yn Minsk as trettjinde einige op de fiif kilometer. Kramer hat noch hieltyd fysike problemen, nei in ûngelok yn oktober.
Sven Kramer begjin novimber nei de 10 km op it World Cup-kwalifikaasjetoernoai op Thialf © ANP
Kramer fertelde freed tsjin parseburo ANP dat er net op dizze manier yn de rûnte ride wol. Dêr hat er it dreech mei, seit er. "Soks past net by my." It plak fan Kramer op de 1.500 meter wurdt ynnaam troch Douwe de Vries.
Kramer docht wol mei oan de 5.000 meter en de ploege-achterfolging. Foar de 5.000 meter binne ek Patrick Roest, Jorrit Bergsma, Marcel Bosker en Douwe de Vries selektearre. Oan de ploege-achterfolging dogge neist Kramer ek Roest, De Vries en Bosker mei.