Wedstriid fan de Wike: Nyck de Vries debutearret yn Formule E

18 nov 2019 - 18:05

It is noch mar oardel moanne lyn dat Nyck de Vries kampioen waard fan de Formule 2. Oare wike rydt er yn dy klasse syn lêste wedstriid, mar oankommend wykein set syn nije útdaging al útein. Dan stean de earste races yn de Formule E op it programma foar De Vries. It is de 'Wedstriid fan de Wike'.

Mids septimber waard dúdlik dat Nyck de Vries de Formula 2 ferruilet foar it Mercedes-team yn de Formule E. Dy klasse rydt mei elektryske auto's op strjitsirkwys. "En dus binne de races op moaie plakken", wit sportferslachjouwer Andor Faber. "Lykas yn Rome, Parys en Londen, mar ek fierder fuort yn New York, Mexico City en Marrakesh."

Oankommend wykein set de Formule E útein yn it Saûdy-Arabyske Diriyah. Dat it 'Wedstriid fan de Wike' is, betsjut dat it debút fan De Vries ekstra omtinken krijt.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)