CDA Súdwest-Fryslân: "Wy moatte no de rêst efkes bewarje"

18 nov 2019 - 17:50

De CDA-fraksje yn de gemeente Súdwest-Fryslân wol graach dat der earst wer rêst komt, foar't der besluten nommen wurde moatte oer hoe't it no fierder moat yn de koälysje. It is in hektyske perioade foar de gemeente no't der in brek ûntstien is yn de koälysje om't PvdA-wethâlder Stella van Gent opstapt is.

Nei in hastige oerlis fan ôfrûne sneon wol it CDA soargje foar rêst. "Wy sille no hiel goede dingen dwaan en wy moatte no echt de rêst efkes bewarje", seit CDA-fraksjefoarsitter Douwe Attema. "En wy wolle ôfwachtsje wat der út it yntegriteitsûndersyk oer Van Gent komt. Dat is wol hiel bepalend".

Partij derby leit foar de hân

Neffens Attema soe it yn teory kinne dat se fierder gean mei it besteande kolleezje, mar dat betsjut in minderheidskolleezje. It leit benammen foar de hân dat der dan in partij by komt. Kommende tongersdei stiet der in riedsgearkomste pland, wêrnei't it CDA mei de VVD en GrienLinks op 'e nij nei de situaasje sjen sil.

Soarchfâldich oppakke

"Ien fan de dingen dy't we nei tongersdei oppakke wolle, is wa't wy benaderje. En dat wolle we ek hiel soarchfâldich dwaan, dus goed neitinke oer hoe en wa en wat dan de proseduere wurdt", seit Attema. De partij dy't der nij bykomme sil, sil ek de nije wethâlder leverje no't Van Gent opstapt is.

Hoe koe dizze situaasje ûntstean?

CDA-fraksjefoarsitter Douwe Attema tinkt dat de politike krisis dy't ûntstien is, te krijen hat mei de karakters fan de wethâlders. It binne neffens him allegearre sterke wethâlders dy't harren saken goed foarinoar hawwe. "Mar it iene karakter is miskien wat minder meigeand en dan botst dat in kear."

Attema giet der net fanút dat soks nochris bart om't eltsenien neffens him fan dizze situaasje leard hat. De gemeenteried hat altyd rêstich west, sa seit Attema. It kolleezje funksjonearret neffens him goed en hy rekkenet der dan ek op dat it goed bliuwt tusken de tsien partijen. De útkomst fan it yntegriteitsûndersyk fan Van Gent sil nei alle gedachten ein novimber bekend wêze. It CDA tinkt nije wike mei in tuskenstân te kommen wat de situaasje fan de koälysje oanbelanget.

CDA-fraksjefoarsitter Douwe Attema

D66 stiet iepen foar koälysje

Sûnder de PvdA hâldt de koälysje yn Súdwest-Fryslân 17 fan de 37 sitten yn de ried oer. As D66 dêrby komme soe mei twa sitten, dan is der wer in mearderheid. D66 wol wol op de ridende trein stappe, seit fraksjefoarsitter Mirjam Bakker: "Wij staan altijd open voor een gesprek, we sluiten de deur niet per definitie, we willen graag om tafel. Het collegeprogramma dat er ligt, hebben wij onderschreven. Dat lijkt ook erg op het programma dat wijzelf geschreven hebben, toen we in de vorige periode in het college zaten. Maar er is nog wel een aantal punten dat benaderd kan worden."

De partij hat it der noch nea earder oer hân, seit Bakker, om in plak yn de koälysje yn te nimmen. "De breuk kwam erg onverwacht. We wisten wel dat er strubbelingen waren, maar dat het zo definitief zou zijn en dat de PvdA eruit zou stappen, hadden wij niet verwacht." De partij wachtet de kommende riedsgearkomste ôf. Op de fraach oft D66 op de ridende trein stappe sil, seit Bakket: "Misschien wel, als er een aardige conducteur zit."

D66-fraksjefoarsitter Mirjam Bakker

(advertinsje)
(advertinsje)