Wrakdûker fan Skylge oer identifikaasje mei DNA: Hichtepunt yn myn dûkkarriêre

18 nov 2019 - 17:41

Dûker en eigener fan it wrakkemuseum op Skylge Hille van Dieren is hiel bliid mei de DNA-match wêrtroch't in ûnbekende deade identifisearre is. Hy neamt it in hichtepunt yn syn karriêre as dûker. Troch de oerienkomst kriget in lichem dat yn 1953 op Skylge oanspielde nei 66 jier in namme.

Foto: Wrakkenmuseum Terschelling

De deade op it tsjerkhôf is Andries Penning, kaptein fan de kustfarder Westland. Syn skip fergie yn de nacht fan de wettersneedramp yn 1953 op de Noardsee, doe't er fan Dútslân nei Ingelân ûnderweis wie. Trije moannen nei dy nacht spielde in lichem oan op Skylge. Dat waard begroeven as 'ûnbekend persoan'.

Platbelle

No't it nijs fan de identifikaasje nei 66 jier bekend is, kriget Hille van Dieren fan it wrakkemuseum in protte mediabelangstelling. Hy wurdt platbelle, seit er, sels út Dútslân en Ingelân wei.

De dûkklup dêr't Van Dieren lid fan is, fûn yn 1994 resten fan it skip. It giet om in 'ierdwine', in soart fertikale liere. Dy stiet no yn it wrakkemuseum yn Formearum op Skylge mei in foto en it ferhaal oer it skip derby.

Syktocht nei famylje

Sûnt de fynst hat Van Dieren alle war dien de famylje fan de opfarrenden fan it fergiene skip te finen. It skip is fergien tusken Dútslân en Ingelân. Mear wie net bekend oer de lokaasje, mar doe't se de resten fûnen, wie de Westland eins it iennige skip dat it wêze koe, neffens Van Dieren.

Ofrûne simmer kamen famyljeleden fan de fermiste Andries Penning nei it wrakkemuseum op Skylge. Sy werkenden de resten fan it skip en stiene DNA ôf, dat ferlike waard mei de ûnbekende deade op it tsjerkhôf op West. Der wie in oerienkomst, sa die bliken.

Is oare anonime deade ek bemanningslid Westgat?

Der leit noch in oare ûnbekende deade op it tsjerkhôf fan West. Mooglik is dat ek in bemanningslid fan it fergiene skip. It is yn alle gefallen net de masinist, want dêr is al DNA-ûndersyk nei dien en dêr is neat út kaam.

De famylje fan Penning lit no in grêfstien meitsje. As dy der stiet, is Andries Penning nei 66 jier gjin ûnbekende deade mear op it tsjerkhôf fan West op Skylge.

Hille van Dieren, dûker en eigener fan it wrakkemuseum op Skylge

(advertinsje)
(advertinsje)