Masinefabryk De Klokslag yn Boalsert wer yn hannen fan âlde eigener

Evert Yntema hat masinefabryk De Klokslag yn Boalsert werom kocht. Hy wie earder ek al eigener fan it bedriuw, dat ein 2014 oernaam waard troch de Dútske masinebouwer GEA. Dat is in grutte spiler op it mêd fan masinebou. No hat it bedriuw De Klokslag wer ôfstjit, omdat se it net rendabel genôch fûnen.
It gebou fan GEA De Klokslag yn Boalsert © Google Street View
Yntema wie ek noch direkteur yn de tiid dat GEA eigener wie. No hat er bedriuw mei Jan Dijkema werom kocht. Op it stuit is der in reorganisaasje by De Klokslag. Fan de 80 wurknimmers moatte der yn alle gefallen seis út. Neffens Dijkema is dat nedich om it bedriuw sûn te meitsjen.
De beide nije eigeners sjogge wol in takomst foar De Klokslag, omdat de linen wer koarter binne en se no sels wer karren meitsje kinne.
De Klokslag makket apparatuer foar tsiisfabriken yn Europa.