Sportcast: "Van den Belt sei dat der neat by komt en ek neat fuortgiet"

18 nov 2019 - 16:09

In farske sportcast mei in protte omtinken foar SC Cambuur. De Ljouwerters wûnen mei 3-1 fan Almere City FC en bliuwe dêrtroch koprinner. Njonken Cambuur is der ek omtinken foar Sven Kramer, want kin hy it eins noch wol? Geert van Tuinen, Andor Faber en Arjen de Boer prate jimme ûnder lieding fan Jantine Weidenaar hielendal by oer it Fryske sportwykein.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

De spilers fan Cambuur hienen in moai earebetoan foar de blessearre Jordy van Deelen. Sy fierden in doelpunt nammentlik mei it shirt van Van Deelen. Wy bellen efkes mei de ferdigener. Hy wie bot de sprekken oer de aksje fan syn teamgenoaten: "Eerst had ik het helemaal niet door en toen dacht ik opeens: 'Hé, dat is mijn shirt'. Ik fleurde gelijk helemaal op,. Dat deed me wel wat."

Djipgong op it middenfjild

De wedstriid tsjin Almere City ferrûn foar Cambuur poerbêst. Al ús analisten hawwe genoaten fan it spul fan de Ljouwerters. Arjen de Boer wie ûnder de yndruk fan de djipgong by Cambuur: "Ik tink dat it hiel ferfelend is om tsjin Cambuur te fuotbaljen, want as Mühren him sakje liet, dindere Jacobs der wol oerhinne en as Jacobs efteryn hingje bleau, fleach Maulun nei foaren."

Cambuur docht it sa goed dat fersterkingen yn de winterstop miskien net iens nedich binne. Dat is mar goed ek foar de Ljouwerters, want dy fersterkingen komme der ek net. Geert van Tuinen: "Gerald van den Belt sei tsjin my dat der neat by komt en dat der ek neat fuortgiet."

De rêch fan Kramer

Reedrider Sven Kramer kaam der net oan te pas op de wrâldbekerwedstriid yn Minsk. Kramer hat noch in protte lêst fan de rêch. Dochs hâldt Andor Faber betrouwen yn Kramer: "Je hoege Sven Kramer beslist noch net ôf te skriuwen. Ferline jier wie er earst ek min en pakte er dochs noch in titel."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)