Noch 23 Fryske klups yn distiktsbeker, WTOC en Heech stunte

18 nov 2019 - 16:02

Der binne noch 23 Fryske klups oer yn de noardlike distriktsbeker. Yn de earste ronde fan de knock-out-faze kamen 46 Fryske ploegen tsjininoar yn aksje yn it bekertoernoai foar amateurklups út Fryslân, Grinslân, Drinte en de Noardeastpolder.

WTOC fiert in goal fan Wierd de Vries tsjin SC Twizel - Foto: www.orange-pictures.nl

De heechst spyljende Fryske ploech dy't aktyf is yn it bekertoernoai, haadklasser Bûtenpost, wûn op besite by Blau-Wyt'34, dat koprinner is yn de earste klasse. Rob Dijkstra, Rolf Dijk en Rudmer Loonstra skoarden foar 'de blaukes'. Martijn Barto sette yn de slotfaze noch de 1-3 op it skoareboerd.

Stunts

Oerterp soarge foar in ferrassing: de twaddeklasser wûn thús mei 5-1 fan earsteklasser Broekster Boys. Noch wat twaddeklassers dy't in earsteklasser útskeakelen: 't Fean'58 wie mei 3-1 te sterk foar Hearrenfean en LAC Frisia wûn mei 2-1 by Zeerobben.

Treddeklasser SC Twizel, dy't in seizoen lyn noch de achtste finale helle, ferlear no thús mei 4-0 fan fjirdeklasser WTOC. Yn twa gefallen wûn in treddeklasser fan in earsteklasser, beide kearen nei strafskoppen: Heech fersloech Balk yn in derby en Hearrenfeanse Boys ferraste Snits Wyt Swart.

Wedstriden yn de earste ronde Distriktsbeker

Blau-Wyt'34 Bûtenpost 1 - 3
Sint-Anne Drachtster Boys 0 - 7
Delfstrahuzen Leovardia 0 - 2
Oerterp Broekster Boys 5 - 1
't Fean'58 Hearrenfean 3 - 1
Ryptsjerk DIO Easterwâlde 2 - 1
Dokkum Akkrum 3 - 1
ONT Aldeholtpea 4 - 3
Wykels Hallum Drachten 1 - 4
Heech Balk 1 - 1 (Heech w.n.s.)
Foarút Read Swart 1 - 3
Zeerobben LAC Frisia 1883 1 - 2
Kollum Ljouwerter Sweltsjes 2 - 2 (LS w.n.s.)
SC Twizel WTOC 0 - 4
SDS De Rottefalle 5 - 0
RWF Olyphia 2 - 1
Hearrenfeanse Boys Snits Wyt Swart 4 - 2 (HB w.n.s.)
ONS Snits 2 Makkum 4 - 1
ONB VC Trynwâlden 2 - 5
De Gordyk SC De Jouwer 1 - 6
Skylge Easterlittens 2 - 2 (Skylge w.n.s.)
Surhústerfean Trinitas 3 - 2
Renado Oeversweltsjes 3 - 2

Bekertoernoai foar amateurklups

De distriktsbeker is it toernoai foar Nederlânske amateurklups. Klups út de haadklasse en leger dogge oan it toernoai mei. De twa Fryske klups yn de tredde difyzje, Harkemase Boys en ONS Snits, dus net. Sadwaande is Bûtenpost de heechst spyljende Fryske klup yn dit bekertoernoai.

Der binne seis KNVB-distrikten yn Nederlân. Alle Fryske klups sitte yn distrikt Noard.

Trefwurden: 
fuotbal distriktsbeker
(advertinsje)
(advertinsje)