Bern groep 8 fan It Holdersnêst op De Harkema witte it measte oer media

18 nov 2019 - 15:27

De meast 'mediawize' learlingen fan Fryslân sitte yn groep 8 fan 't Holdersnêst op De Harkema. Dat is de útkomst fan in wike wêryn't tûzenen klassen in wike lang fragen en opdrachten krigen hawwe oer media. "We binne der supergrutsk op", seit learaar Willem Oostra.

Basisskoalle It Holdersnêst op De Harkema - Foto: Google Street View

Hoe sjochst wannear't ien online narre wurdt, wat is grooming en wat binne symptomen fan game-ferslaving? Dat binne in pear saken dêr't de learlingen op test binne. It is ûnderdiel fan MediaMasters, in spul wêrby't learlingen kennis opdogge oer mediawiisheid. De lanlike wedstriid is ûnderdiel van de 'wike fan de mediawiisheid'.

Mear as acht op de tsien dielnimmende learlingen seine dat sy harren freonen better kenne troch it brûken fan sosjale media. En sân op de tsien bern tinke dat se maklik 24 oeren sûnder telefoan, ynternet en sosjale media kinne soene.

Underwizer Willem Oostra moast it goede nijs noch efkes geheim hâlde

(advertinsje)
(advertinsje)