Kraachpappegaai útroppen ta moaist opsetten bist fan Nederlân

18 nov 2019 - 14:35

De kraachpappegaai fan preparateur Sophie Kiela fan Nijmegen is it moaiste opsette bist fan it Nederlânsk kampioenskip preparearjen 2019. De griene pappegaai wie neffens de sjuery it meast libbensecht. Neist de algemiene priis wie de pappegaai ek de bêste yn de kategory fûgels.

Neist de pappegaai wiene der prizen foar ûnder oare in opsette orang-oetang en it skelet fan in swartfoetpinguin. "De jury gaat er echt bovenop zitten en elk veertje en deukje bestuderen. Ze kijken naar elk klein detail, want het moet allemaal precies zo zijn als bij een levend dier", sa seit konservator Peter Koomen. "Je moet dus als preparateur ook heel zorgvuldig de levende dieren bestuderen voor je aan de slag gaat. Elk veertje of haartje moet kloppen."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It NK preparearjen wurdt om de twa jier hâlden en dit jier is al de fjirde kear dat it Natuurmuseum de gasthear is. It NK wurdt organisearre troch de Nederlânske feriening fan preparateurs.

De bisten komme net allinich foar de wedstriid nei Ljouwert, mar binne ek de kommende wiken noch yn it museum te sjen. En mooglik sels noch langer. "We vragen de deelnemers altijd om zelf de opgezette beesten weer op te halen, maar als ze dat niet binnen een paar weken doen, dan blijven ze bij ons", seit Koomen. "Dan krijgen ze een plekje in de collectie."

Hoe is it om tusken de deade bisten te stean?

Hoe wurdt bepaald wa't wint?

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)