Kannabisoalje-produsint Beintema fan 'Suver Nuver' foar de rjochter

Kannabisoalje-produsint Rinus Beintema fan Stichting Suver Nuver wol by de ynhâldlike behanneling fan de strafsaak tsjin de stichting mar leafst 46 tsjûgen oproppe. It giet dêrby net allinnich om klanten, donateurs en frijwilligers fan de stichting. Inisjatyfnimmer Rinus Beintema wol ek âld-boargemaster Ferd Crone graach oproppe as tsjûge.
Hasjoaljeprodusint Beintema fan Suver Nuver foar rjochter
Beintema ferklearre dat moandei op de rezjy-sitting. Hy wurdt oanklage foar oertrêdingen fan de Opiumwet en fan de Genêsmiddelewet.
"Crone is altijd erg positief over ons geweest. Hij kon ons geen vergunning geven, omdat wij 'grijs gebied' zijn, maar hij heeft ook nooit bij ons ingegrepen, omdat wij 'geen prioriteit' waren en dat maakt zijn getuigenis belangrijk", seit Rinus Beintema fan Suver Nuver.

Groanyske sykten

Stichting Suver Nuver ferkeapet kannabisoalje foar medyske tapassingen. Beintema sei moandei tsjin de rjochter dat syn stichting 14.000 geregelde klanten hat en mar leafst 20.000 donateurs. It giet yn de measte gefallen om 'oudere vrouwen met weinig ervaring met recreatieve drugs'. De kannabisoalje is benammen populêr by pasjinten mei in grut ferskaat oan groanyske sykten, dy't de kannabisoalje brûke by it bestriden fan pine.

Offisier: Crone net relevant

Neffens offisier fan justysje Siebren Buist hannelje Beintema en syn stichting dêrmei yn striid mei de Opium- en de Genêsmiddelewet. De offisier fan justysje neamde it oproppen fan âld-boargemaster Ferd Crone as tsjûge 'niet-relevant' yn dizze saak. "Een burgemeester gaat niet over het wel of niet vervolgen van een cannabisolie-verkoper." Ek it oproppen fan tsientallen oare tsjûgen heakket neffens de offisier neat oan de saak ta.
Rinus Beintema fan Suver Nuver foar de rjochter © Omrop Fryslân, Onno Falkena

Tsjûgen

Advokaat Vis fan Suver Nuver hie it moandei lykwols oer in 'útsûnderlike saak' en pleite dêrom foar wiidweidich ûndersyk en it oproppen fan tsientallen tsjûgen. Hy ûnderstreke syn pleit mei in presintaasje en twa stikjes fideo, dy't hy op in laptop oan de rjochtbank sjen liet. It gie om in reportaazje fan telefyzjeprogramma EénVandaag oer Suver Nuver en om in stik fan it Omrop Fryslân-programma Iepen Up, mei de reaksje fan Ferd Crone op it inisjatyf.

Undersyk

"Suver Nuver is een beetje uit de hand gelopen. Daarom is het goed dat er nu een proefproces komt", ferklearre Beintema nei ôfrin. Beintema waard beselskippe troch in lytse tritich frijwilligers fan syn stichting. Njonken in proefproses pleitet Beintema ek foar in wiidweidich wittenskiplik ûndersyk nei de effekten fan it brûken fan kannabisoalje troch pasjinten fan ferskate groanyske syktes.
De rjochtbank fan Zwolle docht oer twa wike útspraak oer de ûndersyks-fersiken fan Beintema.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Rinus Beintema leit út wêrom't er Ferd Crone oproppe wol as tsjûge