Ferpleechhûs Nieuw Toutenburg yn Noardburgum noch ien kear iepen

18 nov 2019 - 13:41

Der wurdt ôfskie nommen fan Nieuw Toutenburg, it ferpleechhûs yn Noardburgum dat yn 1959 iepene waard. It bekende gebou mei de klokketoer slút no definityf de doarren, om't der tolve nije wenten foar yn it plak komme. Ferline wike binne de bewenners nei in neist ûnderkommen ferhûze. 'Nieuw Toutenburg' feroaret yn 'Toutenburg,' dat in ekspertizesintrum wurdt foar minsken mei Korsakov en âlderein mei psychiatryske problemen.

Op moandei sil nei in taspraak fan regiomanager Bert Renkema de flagge fan Nieuw Toutenburg strutsen wurde en de klokken wurde let. "Dat gebeurt zestig keer, symbolisch. We zien het als een belangrijk ritueel om het gebouw los te laten en terug te geven aan de natuur," seit regiomanager Bert Renkema. Yn it gebou is der âld byldmateriaal fan 60 jier Nieuw Toutenburg te besjen en nei ôfrin is der poeiermolke en sûkerbôle.

Nieuw Toutenburg wie ien fan de earste ferpleechhûzen foar demintens yn Nederlân. Yn de lêste perioade waarden der 50 âldere pasjinten mei psychiatryske problemen behannele.

Nieuw Toutenburg yn Noardburgum - Foto: Frits Mostert

Nijbouwinsk

"Het gebouw is 60 jaar gebruikt en goed onderhouden, maar het is nu wel af. En daarnaast zijn ook de inzichten omtrent de doelgroep die er woont, veranderd. Het huis is ooit gebouwd voor mensen met dementiezorg, maar je ziet nu vooral andere ziektebeelden, zoals Korsakov. Dat vraagt andere dingen. In de nieuwbouw heeft iedereen een eigen douche en toilet, zulke dingen wilden we heel graag," fertelt regiomanager Renkema.

Regiomanager Bert Renkema oer it ôfskie

Ofskie foar bewenners

Neffens meiwurkers fan Nieuw Toutenburg fûnen de bewenners it noch altyd wol prima wenjen, al seagen sy wol dat it pân âlder waard. Dêrom fine de bewenners it nije gebou fijn en modern. Der wiene lykwols wol ferskate bewenners dy't senuweftich wiene om't sy it hiele barren min oersjen koene. Dêrom is it ek foar de bewenners wichtich om spesjaal ôfskie te nimmen fan it âlde Toutenburg.

Meiwurker Marijke de Vries en en teamlieder Corry Vos

(advertinsje)
(advertinsje)