FNP Súdwest-Fryslân stiet iepen foar petear mei CDA, mar hat wol winsken

18 nov 2019 - 12:51

Hoe moat it fierder yn Súdwest-Fryslân? De gemeente sit yn in politike krisis, neidat de wethâlders fan it CDA, de VVD en GrienLinks it betrouwen opsein hawwe yn PvdA-kollega Stella van Gent. De PvdA reagearre troch út de koälysje te stappen. Hoe no fierder? "It is as earste oan it CDA of se der in partner by hawwe wolle. Wy steane iepen foar petear, mar dan komme wy fansels ek mei wat saken dy't wy realisearje wolle," seit FNP-fraksjefoarsitter Corrie Bergstra-Veldhuis.

Corry Bergstra (FNP) - Foto: FNP Súdwest-Fryslân

"Mar dan rin ik foarút op in peatear dat miskien net iens komme sil," jout Bergstra oan. Sy skat de kâns dat de FNP benadere wurdt troch it CDA 50/50.

Bergstra: "Foar it grutste part kinne wy ús wol fine yn it koälysjeakkoart dat der no leit, mar wy soene wol ús ynbring wolle. Bygelyks kwa leefberens: doarpshûzen en feilige fytspaden fine wy as FNP wichtich. Yn de skôging hawwe wy ek sein: it kolleezje wol in maritime kampus, mar der binne sokke personielstekoarten yn de soarch, miskien moat der earst in soarchkampus komme."

Ofspraken meitsje

It soe neffens Bergstra wol wichtich wêze oars útein te setten. "Der moat earst praten wurde. In kolleezje hoecht it net altyd mei inoar iens te wêzen, mar je moatte wol kollegiaal bestjoere kinne. Dêr moatte je miskien yn it foar ôfspraken oer meitsje," seit de FNP-fraksjefoarsitter.

Fraksjefoarsitter Corrie Bergstra fan de FNP

(advertinsje)
(advertinsje)