Wethâlders nei Den Haag: grutte ûntefredenens oer jongereinsoarch

18 nov 2019 - 12:31

Wethâlder Jelle Zoetendal (PvdA) fan Hearrenfean moast betiid fan bêd ôf. Hy wie moandei yn de Twadde Keamer by de behanneling fan de begutting foar de jongereinsoarch. Hy wie net de iennige, goed 125 wethâlders út hiel Nederlân wiene nei Den Haag ôfreizge om harren dêr op de tribune sjen te litten. Zoetendal is ien fan de Fryske wethâlders dy't oanwêzich wie en dy't fynt dat it belied fan it Ryk oer de jongereinsoarch feroarje moat.

Jelle Zoetendal - Foto: Jelle Zoetendal

In soad taken dy't earder by it Ryk leine, binne oerhevele nei gemeenten. Mar neffens Zoetendal is dat hielendal net goed gien. Der binne grutte tekoarten ûntstien op de soarch.

Teloarstelling

"Der is in tal punten wichtich," seit Zoetendal. "Wy moatte as earste genôch jild krije om ús taken goed útfiere te kinnen. Dêrnjonken binne wy goed skrokken fan in brief fan de minister. Yn 2015 binne in soad taken fan it Ryk nei de gemeenten gien en no skreau de minister oer wat der allegearre net goed is en dat der optreden wurde moat. Dat is reedlik iensidich steld en dat hat ús teloarsteld," leit Zoetendal út.

Betrouwen fuort

"It betrouwen moat wersteld wurde. Wy komme der yn Fryslân noch aardich goed foar wei, om't wy in soad regionaal oppakke en gearwurkje. Mar dêr moat wol foldwaande tiid foar wêze, en dêr is jild foar nedich. En boppedat goed oerlis mei gemeenten."

Zoetendal leaut net dat der moandei daalks in oplossing op tafel leit. "Mar dat safolle wethâlders by in kommisjegearkomste komme, dat komt nea foar. It is in dúdlik teken dat der wat barre moat."

Wethâlder Jelle Zoetendal fan gemeente Hearrenfean

(advertinsje)
(advertinsje)