Rige foar Cambuurstadion foar kaartsjes bekerwedstriid tsjin Feyenoord

Der steane rigen foar it Cambuurstadion yn Ljouwert. Moandei om 10.00 oere is de kaartferkeap foar de bekerwedstriid tsjin Feyenoord losgien foar seizoenkaarthâlders. Dy kinne online kaartsjes keapje, mar guon komme dus ek nei it stadion.
Ferkeap Cambuur Feyenoord
Cambuur - Feyenoord is in wedstriid yn de twadde ronde fan de KNVB-beker. It duel is op tongersdei 19 desimber. Wa't gjin seizoenkaart hat, moat noch even wachtsje, want de ferkeap foar klupkaarthâlders set op 27 novimber útein. Seizoen- en klupkaarthâlders kinne maksimaal twa kaarten de persoan keapje.
De earste supporter stie moandei om 8.45 oere foar de doar.