Suvelbedriuw CSK wurdt foar 150 miljoen euro oernommen

18 nov 2019 - 11:17

Suvelbedriuw Royal CSK, dat in fabryk yn Ljouwert stean hat, wurdt oernomen troch it konsern DSM. CSK hat ek in fêstiging yn Wageningen en hâldt him dwaande mei yngrediïnten foar de suvelyndustry. By CSK wurkje yn Nederlân sa'n 150 minsken.

De oandielhâlders fan CSK wiene al langer oan it sykjen nei in oernamekandidaat. De grutste oandielhâlder is FrieslandCampina, seit FNV-bestjoerder Ron Vos. Hy seit dat it nei alle gedachten gjin gefolgen hat foar de arbeidsbetingsten fan de wurknimmers. De wurknimmers wurde moandei ynformearre.

Fermintaasje yn Ljouwert

Neffens DSM sil de gearfoeging fan de suvelaktiviteiten mei CSK de produkteportefúlje en kennis fersterkje. CSK hie yn 2018 in omset fan 65 miljoen euro. Yn Ljouwert stiet in fermintaasjefasiliteit oan de Apolloweg op bedriuweterrein de Himrik, yn Wageningen stiet in ynnovaasjesintrum. Der binne ek fêstigingen yn Poalen en de Feriene Steaten. By CSK wurde benammen produkten makke foar tsiis.

Mei de oername is in bedrach fan 150 miljoen euro muoid. DSM ferwachtet dat de oername flak foar de ein fan dit jier in feit wêze sil. Nei't de oername bekend waard, wûn DSM 0,4 persint op de beurs.

De iepening fan it fabryk yn Ljouwert trije jier lyn:

Trefwurden: 
Ljouwert CSK tsiisfabryk
(advertinsje)
(advertinsje)