Nije wein foar jubilearjende Stichting Winskambulânse Noard-Nederlân

Stichting Winskambulânse Noard-Nederlân bestiet yn 2019 al 10 jier en dêrom wurdt dêr op ferskate wizen omtinken oan jûn. Njonken de nije namme en hûsstyl is der in nije ambulânse foar de stichting beskikber kaam.
In winskambulânse yn Harns © Stichting Winskambulânse Noard-Nederlân
De ambulânsen wurde brûkt foar minsken dy't slim siik binne en dy't in spesjale dei fertsjinje. Guon minsken wolle op in positive wize ôfskie nimme fan it libben, mar kinne dit net fanwegen harren lichaamlike kondysje. De stichting kin yn sa'n gefal fergees helpe om de winsk te ferfoljen.
Op 3 desimber is der in feestlike gearkomste om de nije ambulânse yn te wijen, tegearre mei de goed 150 frijwilligers. De stichting bestiet sûnt 2009, earst mei de namme Stichting Ambiance Noord-Nederland.