Oanspield lichem op Skylger strân nei 66 jier identifisearre

18 nov 2019 - 10:22

In lichem dat yn 1953 op Skylge oanspielde is nei in DNA-match 66 jier letter identifisearre. It giet om Andries Penning, kapitein fan de kustfarder Westland. Syn skip fergong yn de nacht fan de wettersneedramp 1953 op de Noardsee, doe't er fan Dútslân nei Ingelân fear.

Trije moannen nei dy nacht spielde in lichem oan op Skylge. Dat waard dêrnei begroeven as 'ûnbekend persoan'.

In pear moanne lyn melde de 69-jierrige soan fan Penning him by de plysje om DNA ôf te stean. Dat die er nei in besite oan it wrakkemuseum op Skylge. Yn septimber krige de soan te hearren dat it lichem fan syn heit wie.

Identifikaasje is wichtich

Neffens plysjewurdfierder Ernest Zinsmeyer is identifikaasje tige wichtich foar de neibesteanden. "Dat blijkt dan ook wel als je met deze mensen hebt gesproken. Dan merk je dat het enorm indruk maakt, dat ze ook na 66 jaar toch eindelijk weten wie hun vader is."

Nei in eardere oprop freget de plysje no opnij oft neibesteanden fan fermiste seelju DNA ôfstean wolle, yn de hoop mear anonime minsken identifisearje te kinnen. "Zo liggen er nog honderden onbekende lichamen in graven in Nederland", seit Zinsmeyer. "Op de Waddeneilanden liggen tientallen onbekende mensen in graven, die daar ooit zijn aangespoeld."

Mei nije techniken kinne der DNA-profilen makke wurde, op in wize dy't earder net slagge. Soms wurdt dat dien mei botfragminten, seit Zinsmeyer. "In sommige gevallen lukt het ook niet om een DNA-match te krijgen en in andere gevallen weer wel. De poging is het zeker waard."

Plysjewurdfierder Ernest Zinsmeyer oer de DNA-saak

(advertinsje)
(advertinsje)