Doarpsbelang Aldegea Smellingerlân wol gjin gaswinning

18 nov 2019 - 09:54

Doarpsbelang Aldegea Smellingerlân hat beswier oantekene tsjin de foarnommen gaswinning fan Vermilion by Earnewâld en Nyegea. It doarpsbelang hat noed oer de gefolgen fan de winning en is benaud foar skea oan gebouwen, lân en ynfrastruktuer.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Neffens doarpsbelang komt de feiligens yn gefaar as de winning trochgean soe. Ek tinke se dat der negative effekten foar de sûnens wêze kinne. Sa soe der mooglike lekkaazje fan helpstoffen as gemikaliën en mineralen plak fine kinne, dy't soargje foar risiko's op langere termyn.

It doarpsbelang hat in sjenswize en twa beswierskriften yntsjinne. Oant 21 novimber kinne ynwenners sels ek beswierskriften en sjenswizen yntsjinje.

(advertinsje)
(advertinsje)