Biografy oer Ljouwerter rock-'n-rollmuzikant 'Jan Giro'

18 nov 2019 - 09:50

It libbensferhaal fan de bekende Ljouwerter muzikant 'Jan Giro,' echte namme Jan Smedinga, is fêstlein yn in biografy. It boek wurdt moandei presintearre. Giro ferstoar yn 2005 oan kanker en hy waard ek wol de rock-'n-rollmuzikant fan Fryslân neamd. Inisjatyfnimmer fan it boek is freon Jan Gaastra en de biografy is skreaun troch Minne Velstra.

It boek oer Jan Giro - Foto: Jan Giro Biografie

"Vandaag houden we het simpel," seit Gaastra. "Later dit jaar gaan we nog wat leuks doen met muzikanten. Maar vandaag wordt het eerste exemplaar door Minne Velstra en een nicht van Jan aangeboden aan wethouder Sjoerd Feitsma."

Tûzen kroechferhalen

It plan foar in biografy lei der al lang. "Er waren veel mensen die wel een boek over hem wilden maken. We kregen meerdere aanbiedingen, maar vaak zou het een soort scheurkalender worden met duizend kroegverhalen, bij wijze van spreken. Daar zaten we niet op te wachten. Twee jaar geleden stapte Velstra naar me toe en vroeg: zullen we een écht boek schrijven over zijn hele leven vanaf de geboorte?" Dêr is doe akkoart mei gien.

Moai jongesboek

It duorre twa jier en goed 100 oant 120 ynterviews foar't it boek der wie. "Maar nu ligt het er. Jan was een goede vriend van me, een doodgoeie vent zonder vooroordelen. Hij heeft een zware jeugd gehad, dat had invloed op zijn hele leven. Het is een mooi jongensboek en er staan veel dingen in die ik ook niet wist," seit Gaastra.

De biografy wurdt útjûn toch Minne Velstra. "Ook al is hij al zo'n 14 jaar geleden overleden, we krijgen heel veel reacties. Het leeft toch nog wel," tinkt Gaastra.

Jan Gaastra, ien fan de inisjatyfnimmers fan it boek

(advertinsje)
(advertinsje)