Kollum: "Nuver luchtsje"

18 nov 2019 - 08:30

"Nei de strange stikstofnoarmen en de yngewikkelde PFAS-regels moatte bedriuwen yn Fryslân har tenei ek hâlde oan in saneamd geurbelied. Sa wol deputearre Douwe Hoogland de nuvere luchtjes rûnom yn ús provinsje werombringe. Der sit wat in nuver luchtje oan dit ferhaal, ast it my fregest.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Elkenien hat syn eigen geur. It skynt sels sa te wêzen dat geur ien fan de belangrykste saken is om fereale op elkoar te reitsjen. Mei oare wurden: as dyn natuerlike eau de cologne net sa fris is, is de kâns lyts datst in partner treffe silst. Fandêr ek dat ferskate parfumeryen ferline wike moandei op Singles Day fergees lekkere luchtsjes fuortjoegen.

Mar wat de iene lekker fynt, fynt de oare stjonken. En somtiden kinst der ek hielendal neat oan dwaan. Switfuotten bygelyks kinne allermachtichst stjonke, mar kinst der yn de measte gefallen hielendal neat oan dwaan. Of klotsoksels, ek in boarne fan nuvere luchtsjes, wylst de earms net bêst de hiele dei omheech hâlde kinst.

Wat foar in grut part wol in saak is fan eigen ferantwurdlikheid, is de geur út dyn mûle. Dat hat te krijen mei mûlehygiëne en dêr kinst sels wat oan dwaan. Seker ast klanten yn dyn deistich wurk geregeld yn it gesicht azemje moatst. Ek foar dit soart beroppen soe in geurbelied komme moatte.

Ik doel hjirmei op de optisien, dy't my in bril oanmetten hat. Dy lei hast in kertier lang foar my te hymjen, wylst er my it iene nei it oare gleske op 'e noas skode. En ik koe presys rûke wat er iten hie. It wie 'vrijdag visdag' dus ik trof it net. In kertier lang ha ik de noas stiif ticht besocht te hâlden. Mar dat falt net mei, sil ik dy fertelle.

Wat my oanbelanget, moat der ek foar dit soart beroppen in geurbelied komme. Dat dizze meiwurkers gjin knyflok ite meie, gjin fisk by de lunsj en al hielendal net smoke yn it skoft. Want as der eat is dat stjonkt, dan is it wol de geur fan in skrale filtersigaret. Of noch slimmer: in swier sjekje.

Ik sil der sels ek op lette. Yn it skoft nei it iten rin ik al geregeld nei de wc, om dêr myn tosken te skrobjen. En ûnder de earms spuitsje ik moarns in buske deo leech. Dus neffens my bin ik geurproof. Mar ik begûn foarige wike wol wat te twiveljen, doe't ik thús in wol hiel nuvere resinsje krige.

Ik stie moarns yn de baaikeamer, doe't de âldste fan tsien binnenkaam. Se snúfde ris in kear goed en rôp doe: 'Jakkes, it stjonkt hjir nei Nynke.' Hallo? En it slimste wie noch wol dat der krekt ien sitten hie te poepen op de wc yn de baaikeamer. En ik wie it net. Dus ik rôp werom: 'Ik ha krekt dûst, hear!' En doe sei se, as soe dat de hiele situaasje better meitsje: 'No, dan wie it Nynke har âlde geur.' En bedankt."

(advertinsje)
(advertinsje)