Skoft lange file op A7 yn beide rjochtingen by provinsjegrins

Troch in ûngelok mei in frachtwein op de A7 by Leek (Grinslân) stie moandei yn beide rjochtingen in lange file tusken Drachten en de stêd Grins. De fertraging kin oprinne oant mear as in oere.
© ANWB Verkeer
It wie yn it hiele lân in drokke moarnsspits. Dat komt mei troch de ûngelokken. Ien dêrfan wie dus op de A7. Dêr wie in frachtwein yn de fangrail bedarre.
De file nei Grins ta begûn by de provinsjegrins. Ek fan Grins nei Fryslân ta stie in lange file.