Boargemaster De Fryske Marren wol petear oer Swarte Pyt nei needgjalp

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren wol takom jier yn peatear mei organisatoaren fan de Sinteklaasyntochten yn de gemeente. Oanliedingen binne in brief en it feit dat in ynwenner fan de gemeente har ûnfeilich en bedrige fielt, om't sy de lêste jierren hieltyd faker foar 'Swarte Pyt' útmakke wurdt.
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren © ANP
De frou kaam by Veenstra del foar hiel wat oars, mar sy woe ek wat persoanliks diele mei de boargemaster. Sy wennet al lang yn de gemeente, mar yn de ôfrûne jierren wurdt sy faker beskimpt as 'Swarte Pyt.' Sy joech oan dat it har sear docht en dat sy har op sokke mominten net feilich fielt.

Brief oan de boargemaster

Dêrnjonken krige hy in brief, dêr't Veenstra yn frege waard om him út te sprekken oer Swarte Pyt om gefoelens fan belediging en diskriminaasje wei te nimmen en foar te kommen. Earst woe Veenstra in formeel antwurd jaan, hy soe ommers net gean oer de kleur fan piten yn de gemeente. Mar it petear mei de frou brocht dêr dochs feroaring yn.
It hat boargemaster Veenstra oan it neitinken set. "Het kan toch niet zo zijn dat je in onze gemeente om je huidskleur wordt uitgescholden en dus gediscrimineerd? En het kan toch ook niet zo zijn dat het juist in deze tijd van het jaar gebeurt, kennelijk uitgelokt door de kleur van de Pieten?", sa skriuwt Veenstra yn syn weblog.

Ofspraken

Veenstra jout oan it as syn taak te sjen, om it op te nimmen foar minsken dy't harren yn syn gemeente diskriminearre en ûnfeilich fiele. Veenstra: "Tradities zijn mooi, maar mogen er niet toe leiden dat mensen gekwetst worden."
Dêrom wol Veenstra dus yn petear: wa wit, kinne der ôfspraken makke wurde oer it uterlik fan Pyt. "Waarom zou een traditie niet een beetje kunnen veranderen? Piet ziet er immers nu ook niet meer zo uit als in mijn jeugd."
Boargemaster Fred Veenstra fan gemeente De Fryske Marren