Anargisten, sosjalisten en frijtinkers op Domela Nieuwenhuisdei yn Museum Hearrenfean

18 nov 2019 - 15:28

De garderôbe fan Museum Hearrenfean wie snein te lyts foar de jassen, sjaals en mûtsen fan alle besikers fan de Ferdinand Domela Nieuwenhuisdei. It spesjale programma fanwege de 100ste stjerdei fan de sosjalistyske foaroanman luts in publyk fan benammen âldere anargisten, sosjalisten en frijtinkers út hiel Nederlân nei It Hearrenfean.

Ek ferskate leden fan de famylje Domela Nieuwenhuis makken graach de reis nei Fryslân. "Het is prachtig om te merken dat de mensen in Friesland hem niet vergeten zijn", sei achter-achterneef Sipco Domela Nieuwenhuis.

De minsken kamen foar in lêzing fan Yme Kuiper oer de magy fan Domela Nieuwenhuis, foar in ymprovisearre earste útfiering fan de Domela Passie fan Meindert Talma en foar in bysûndere eksposysje fan Domela-portretten. De eksposysje is makke op basis fan wat der op de spesjale Domela ynbringdei op 28 septimber en dêrnei oanlevere waard. Njonken âldere portretten binne der ek nijere wurken te sjen fan keunstners dy't har troch Domela Nieuwenhuis ynspirearje lieten.

Bernard van der Vliet fan It Hearrenfean brocht it portret fan 'Dommela' dat by syn pake Hein yn de wenkeamer hong, mei dêrby pake syn kolleksje fan boeken fan 'ús forlosser', wêrûnder syn autobiografy Van christen tot anarchist. Fan dat ferneamde boek waard op It Hearrenfean in nije printinge presintearre. Dy wie te keap njonken in rom antikwarysk oanbod fan boeken fan en oer Domela Nieuwenhuis.

Foto: Omrop Fryslân

Domela Nieuwenhuis (1846-1919) wie yn de 19de iuw it earste sosjalistyske Keamerlid fan Nederlân. Hy wie dat foar it distrikt Skoatterlân, mar spile as iennichste sosjalist net folle klear yn it parlemint. Dêrbûten luts er lykwols in soad folk op spesjale meetings.

Muzikant Meindert Talma spile yn it museum in unplugged ferzje fan in diel fan syn Domela Passie, dy't it kommende wykein yn premjêre giet op festival Explore the North yn Ljouwert. "Moai publyk", sei Talma nei ôfrin. "In soad minsken dy't noch folle mear fan Domela ôfwitte as ik. Mar it giet by muzyk ek om it gefoel en neffens my is dat goed oerkaam."

Domela Nieuwenhuis wie in oanhinger fan de 'blauwe knoop' - Foto: Omrop Fryslân

Domela Nieuwenhuis wie in oanhinger fan de blauwe knoop ûnder it motto 'drinkende arbeiders denken niet, denkende arbeiders drinken niet'. Museum Hearrenfean wie snein lykwols wat minder strang yn de lear. By de iepening waard ek wyn skonken, op betingst dat dy net meinommen waard nei de eksposysje. "Want Domela Nieuwenhuis in contact brengen met wijn, is natuurlijk het laatste dat we willen", spruts museumdirekteur Linda Palil-Trip.

Ferslachjouwer Onno Falkena wie by de Domela Nieuwenhuisdei op It Hearrenfean

Klaas Dankert en Sipco Domela Nieuwenhuis

(advertinsje)
(advertinsje)