Plysje ûndersiket ynsidint by Sinteklaasyntocht Ljouwert

De plysje stelt in ûndersyk yn nei in ynsidint by de yntocht fan Sinteklaas yn Ljouwert. Neffens in mem soe har soantsje klappen krigen ha, doe't se middenyn in konfrontaasje tusken de plysje en demonstranten bedarren.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De Ljouwerter yntocht ferrûn sûnder oanhâldingen. Wol moast de plysje in pear kear yn aksje komme op it Saailân, dêr't in demonstraasjefak wie, omdat tsjin- en foarstanners fan Swarte Pyt in konfrontaasje oangean woene. De plysje wist dit foar te kommen.
Yntusken hat de plysje kontakt hân mei de mem fan it jonkje. Der wurdt ûndersocht wat der krekt foarfallen is en wa't der eventueel noch mear by belutsen wie.