Cambuur dreamt nei winst oer nije doelen: "We kunnen het"

17 nov 2019 - 21:15

SC Cambuur pakte snein in soevereine oerwinning op Almere City. De Ljouwerters wûnen mei 3-1, steane boppe-oan en ha thús noch hieltyd net ferlern. Tiid om de doelen by te stellen? "We staan al zoveel weken bovenaan, dus op een gegeven moment ga je wel kijken van: het kan, het kan gebeuren, we kunnen het", seit Robert Mühren.

De spits fan de Ljouwerters makke de iepeningsgoal en stiet dêrtroch op tolve doelpunten dit seizoen. Hy tinkt lykwols net nei oer it ferbrekken fan syn eigen doelpunterekôr fan 25 goals yn ien seizoen. "Daar ben ik niet mee bezig. Ik zie wel waar we eindigen aan het eind van het jaar. Op hoeveel ik nu sta, daar kijk ik naar en dan zien we volgende week wel weer of er daar eentje bij komt."

Mei twa goals en in assist wie Jamie Jacobs de grutte man tsjin Almere City. De middenfjilder stiet al op njoggen goals dit seizoen. "Ik kan niet wachten tot hij me inhaalt", seit Mühren. "Dat betekent dat we veel doelpunten gaan maken, dus dat is een goed teken."

Doelen bystelle?

De sterke resultaten en it goeie spul soargje foar in positive stimming by beide spilers. Cambuur hie oan it begjin fan it seizoen in plak by de play-offs as doel, doarre de spilers dat doel al by te stellen? "Dat hebben we stiekem volgens mij intern al gedaan toch, onder de jongens?", seit Mühren. Jacobs follet oan: "Laat ik het zo zeggen: we hebben al zoveel wedstrijden gespeeld en we merken dat we het overgrote deel van de wedstrijden gewoon de betere ploeg zijn. Gewoon voetballend beter, over het algemeen, dan de tegenstander. Ja, dan kun je op een gegeven moment je doelen wel bij gaan stellen."

Robert Mühren en Jamie Jacobs - Foto: www.orange-pictures.nl

It gefoel dat it kin libbet by beide spilers, seit Mühren. Mar de spilers wolle it ek net grutter meitsje as it is. Jacobs: "We doen rustig aan, kijken wedstrijd voor wedstrijd en dan zien we in de winterstop waar we staan en dan gaan we vanuit daar weer verder kijken."

Stipe foar Van Deelen

By de iepeningstreffer fan Mühren stutsen de Cambuurspilers de blessearre Jordy van Deelen in hert ûnder de riem troch syn shirt te toanen. Dat wie yn it foar troch de spilers betocht. "Even Jordy een hart onder de riem steken. Hij heeft het zwaar met een knieblessure, dus van onze kant de steun." Ek coach Henk de Jong koe genietsje fan de aksje: "Dêr krijst pikefel fan. Moai foar Jordy."

De Jong hat ek geniete fan hoe't syn ploech spile: "Fan dei 1 ôf ha we sein dat we it stadion fol ha wolle. En der komme hieltyd mear minsken, ek in protte bern. Ik fyn it sa moai foar de minsken. It is geweldich dat it sa libbet, dat docht my in soad."

Cambuur krige wol wer in tsjingoal, mar dêr kin De Jong mei libje. "We fuotbalje hiel goed, mar we wurde ek wat maklik. Dat is ek ús type spul, mei hiel oanfallende middenfjilders. Dan krijst ek wolris wat tsjin. En as we oait in kear ferlieze, dan jouwe we de tsjinstanner in hân en dan is it klear."

(advertinsje)
(advertinsje)