Leden technyske kommisje IFKS ha har nocht: "De lol is derôf"

De IFKS moat op syk nei nije leden foar har technyske kommisje. Foar de fiif leden fan de kommisje is de lol derôf. Se fine dat se net op in goeie wize behannele wurde troch de skippers.
Harm Kuipers © Omrop Fryslân
De technyske kommisje kontrolearret oft de skûtsjes foldogge oan de regleminten, regleminten dy't troch de skippers fêststeld wurde op de healjierlikse fergadering. It hanthavenjen fan de regels giet neffens de technyske kommisje wolris muoisum. Fan it simmer wie foar foarsitter fan de TC, Harm Kuipers, de maat fol.

Skippers te let

Skippers moatte har foar in bepaalde datum opjaan foar de jierlikse IFKS-wedstriden. Dit jier wie dat 1 maart. Wa't dat ferjitten is, kin him noch oant twa wike dêrnei oanmelde, mar dan is it ynskriuwjild wol 150 euro mear.
Foar 14 juny moasten de skippers alle technyske gegevens trochjûn hawwe, sa ek de bemanningsleden, en it ynskriuwjild moast betelle wêze. Op dy datum hienen 21 skippers dat noch net dien. "Dat is in, ik wol it wurd net brûke, mar dat is in... bespotlik soad", seit Kuipers.
Offisjeel soenen neffens de regels 21 skûtsjes útsletten wurde moatte fan dielname. Dat kin net de bedoeling wêze. "Dus tinkst as bestjoer: hoe kinne we dat dan toch sa formulearje dat minsken meidwaan kinne, mar net sûnder iennige foarm fan sanksje?" It bestjoer besleat dat skippers wol meidwaan kinne, mar in boete betelje moatte fan 150 euro.
Dêr kamen felle reaksjes op, wêrfan't Kuipers fynt dat se net troch de bûgel kinne: "Seker dêr wêr't it persoanlik waard. De lol wie der doe hielendal ôf." Kuipers fûn dat er sa flak foar de kampioenskippen fan 't simmer der net samar mei ophâlde kin. "Ik tocht: miskien fyn ik de lol wer werom, mar dat is net bard."
Dy frijwilligers dogge har taak hiel graach, mar kinst net mei dy frijwilligers dwaan en sizze watst mar wolst.
Harm Kuipers
Yn septimber hat Kuipers de knoop trochhakke. Yn in brief oan alle skippers hat hy syn beslissing, en benammen ek de ûnderlizzende redenen, bekend makke. Hy hopet dêrmei minsken oan it tinken te setten: "Ik fyn dat skippers har realisearje moatte dat der frijwilligers nedich binne. Dy frijwilligers dogge har taak hiel graach, mar kinst net mei dy frijwilligers dwaan en sizze watst mar wolst. Dat jildt net allinne foar de IFKS, dat jildt yn syn algemienheid."
Njonken Harm Kuipers hawwe ek de oare fjouwer leden fan de kommisje oanjûn net mear fierder te wollen. Foar twa fan har is dat ek fanwege de sûnens en/of leeftiid.
Harm Kuipers