Cambuur bliuwt soeverein yn eigen hûs: ienfâldige oerwinning op Almere City

17 nov 2019 - 18:38

Cambuur hat snein yn it eigen stadion sûnder al te grutte problemen wûn fan Almere City. It waard 3-1 foar de Ljouwerters, dy't koprinner bliuwe yn de earste difyzje. Robert Mühren iepene nei in kertier de skoare, Jamie Jacobs makke de oare twa goals. In kertier foar tiid foel de iennige tsjingoal.

Foto: www.orange-pictures.nl

Mei deselde alve basisspilers as ferline wike begûn Cambuur sterk. Robin Maulun wie twa kear gefaarlik yn de earste seis minuten, mar de iepeningstreffer bleau noch út. Dy foel nei in kertier wol. Kluptopskoarer Robert Mühren skoarde nei in moaie bal fan Jacobs. It wie foar Mühren syn tolfde kompetysjegoal fan it seizoen.

By it fieren fan de iepeningstreffer stutsen de Cambuurspilers de blessearre Jordy van Deelen in hert ûnder de riem. Se gongen nei de sydkant fan it fjild en toanden it shirt fan Van Deelen, mei rêchnûmer 2. De rjochtsback is fan 'e wike operearre nei in slimme knibbelblessuere. Hy is nei ferwachting noch goed trije moanne út de rûlaasje.

Nei krekt wat mear as in healoere spyljen foel de 2-0. Jarchinio Antonia wie op snelheid, hy joech de bal foar en Jamie Jacobs koe 'm binnentikje. Dêrnei wie ek sa'n bytsje it earste gefaar fan Almere City. Cambuurdoelman Sonny Stevens kearde in skot fan Shayon Harrison.

Jamie Jacobs makket de 2-0 - Foto: www.orange-pictures.nl

De 9.264 taskôgers (in seizoensrekôr yn it Cambuurstadion) seagen dat de thúsploech ek nei it skoft de bettere ploech wie. De Ljouwerters krigen kâns op kâns. Joshua Smits, de doelman fan Almere, foarkaam earst noch treffers fan Issa Kallon en Robert Mühren.

Alwer Jacobs

Yn de 60e minút wie it wol wer raak. Smits kearde in hurd skot fan Ragnar Oratmangoen noch, mar de rebound wie foar Jacobs: hy makke syn twadde fan de wedstriid.

In kertier foar tiid skoarde Almere City. Ut in hoekskop wurke Harrison de bal oer de line. David Sambissa besocht de bal noch te kearen, mar de arbitraazje seach dat de bal krekt oer de line west hie: 3-1.

Spannend waard it net mear en dat Cambuur net mear skoarde wie in lyts wûnder. Faris Hammouti makke hast in eigen goal (foardel), Mac-Intosch skeat net hurd genôch binnen en Kallon seach ek in skot keard wurden troch Smits. Sa bleau it 3-1.

SC Cambuur hat no trettjin offisjele wedstriden op rige net ferlern. Dat wie de Ljouwerters dizze iuw noch net slagge.

Cambuur thús soeverein

SC Cambuur hat thús noch hieltyd net ferlern en Almere City bliuwt sûnder útoerwinning. De Ljouwerters steane boppe-oan mei 33 punten út 15 wedstriden. Dat binne trije punten mear as De Graafschap, mar dy ploech hat ek in wedstriid minder spile.

Kommende freed spilet Cambuur in útwedstriid tsjin FC Eindhoven.

In wiidweidige gearfetting fan SC Cambuur - Almere City is moandei werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal.

SC Cambuur - Almere City: 3-1 (2-0) 16. Robert Mühren 1-0, 34. Jamie Jacobs 2-0, 60. Jamie Jacobs 3-0, 75. Shayon Harrison 3-1

Opstelling Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Jacobs, Hoedemakers, Maulun (82/Akoy); Antonia (59/Oratmangoen), Mühren (87/Ladan), Kallon

(advertinsje)
(advertinsje)