Frouljusteam SC Hearrenfean pakt punt by koprinner PSV

SC Hearrenfean hat snein in punt pakt yn de earedifyzje foar froulju. Op besite by koprinner PSV waard it 1-1. Tiny Hoekstra sette de Friezinnen foar it skoft op foarsprong, mar nei in kertier yn de twadde helte foel de lykmakker.
Hearrenfeanspylsters Danique van Ginkel en Kerstin Casparij sette Katja Snoeijs fan 'e bal © www.orange-pictures.nl
Yn de begjinfaze hie Hearrenfean muoite mei de rappe oanfallen fan PSV, mar echte kânsen foar de thúsploech smiet dat net op. Tiny Hoekstra waard wol gefaarlik oan de oare kant fan it fjild, mar keepster Elixabete Sarasola koe earst noch de iepeningstreffer foarkomme.
Dat slagge har yn de 38e minút net. Doe sette Hearrenfean in goede oanfal op tou mei Hoekstra as einstasjon. Se tikke de 0-1 binnen. Dat wie ek de stân by it skoft.

Kânsen Hearrenfean, mar PSV skoart

Betiid yn de twadde helte wiene Jill Bayings en Suzanne Admiraal ticht by de 0-2. Sarasola kearde de poging fan Bayings en it skot fan Admiraal einige op 'e lat. Nei in kertier spyljen yn de twadde helte sette Katja Snoeijs PSV op likense hichte.
It bleau by 1-1. SC Hearrenfean hat no 12 punten út acht wedstriden. Foar PSV wie it yn acht wedstriden pas de twadde kear puntferlies. Sy steane boppe-oan mei 20 punten.