LDODK wint mei romme sifers fan KZ en stiet allinne oan kop yn de Kuorbal League

LDODK hat snein yn de earste thúswedstriid op De Gordyk mei 33-25 wûn fan tsjinstanner KZ út Koog aan de Zaan (Noard-Hollân). Mei dizze winst stiet LDODK, foar it earst yn de histoarje, no allinne op kop yn de Kuorbal League.
Gearfetting LDODK - KZ:
Fideo: LDODK oan kop yn de Kuorbal League
Yn it begjin fan de wedstriid moasten de Gordyksters fuort fol oan de bak, want de gasten fan KZ gienen fûl en fanatyk fan start. Nei in kertier stie it 4-8 yn it foardiel fan de gasten. Letter kamen de Friezen werom oant 9-10 en krigen se mear fet op de wedstriid.
Julian Frieswijk wie benammen nei it skoft 'op dreef':
LDODK-KZ Julian Frieswijk
De earste helte einige úteinlik yn 12-13. It hie hast in gelikense stân west nei in moai doelpunt fan Erwin Zwart, mar in pear tellen foar de ein kamen de gasten noch wer op foarsprong. Beide ploegen wienen oan elkoar weage en it wedstriidtempo wie heech.
© LDODK
Nei it skoft kaam LDODK op likense hichte troch in skot fan Marjolijn Kroon. It wie Erwin Zwart dy't twa kear skoarde en de tuskenstân nei 15-13 brocht.
Mei in 18-16 foarsprong like it derop dat de Gordyksters de wedstriid nei har ta hellen. Yn de slotfaze wie de bear los. Der wie in foarsprong fan seis goals. Mei noch minder as sân minuten op de klok stie op it skoareboerd in stân fan 27-21. De Friezen rûnen noch fierder út nei 32-23.
Lieneke Pries oer de winst fan LDODK:
LDODK-KZ : Lieneke Pries
Mei in einstân 33-25 is LDODK oer KZ hinne dindere. It lêste doelpunt kaam fan ynfaller André Zwart.
LDODK hat dus in goed begjin fan it seizoen en yn it foar wie dat net ferwachte, want KZ in direkte konkurrint.

Produksje ferdield

Topskutter by LDODK wie Erwin Zwart mei sân goals. Opfallend wie dat ek Marjolijn Kroon (6), Julian Frieswijk (6) en Lieneke Pries (6) foaral yn de twadde helte bêst op skot wienen. Sy wienen foar it grutste part ferantwurdlik foar de 21-12 skoare nei it skoft.