Museum Dr8888 leit ferbining mei Bauhaus

17 nov 2019 - 15:43

Museum Dr8888 lit yn in nije tentoanstelling de relaasje tusken de Bauhaus-styl en Drachten sjen. Te sjen is watfoar ynfloed Drachten, fia keunstner Theo van Doesburg, op de ikoanyske Bauhausstyl hie.

Foto: Omrop Fryslân

By de iepening binne nije glês-yn-lead ruten fan it museum ûntbleate. De ruten binne eksakte kopyen fan de ûntwerpen dy't Theo van Doesburg makke foar de Rijkslandbouwschool yn Drachten. Theo van Doesburg wie de oprjochter fan keunstbeweging De Stijl.

By de tentoanstelling is ek omtinken foar trije froulike keunstners, dy't har ynspirearje lieten troch Bauhaus.

Audiotoer

Besikers fan it Van Doesburg-Rinsemahuis kinne tenei mei in nije audiotoer in rûnlieding krije yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk of Dútsk.

De tentoanstelling duorret oant en mei 29 maart 2020.

(advertinsje)
(advertinsje)