FIDEO: Hichtepunten follybalwedstriid Set Up'65-VC Snits

17 nov 2019 - 14:44

VC Snits hat in drege start fan it seizoen. De earste fiif wedstriden ha se ferlern. Doe't trainer-coach Paul Oosterhof ferline wike moandei ek noch ûnferwachte opstapte by de follybalfroulju, moast de klup rap skeakelje. Sneon pakte it team tsjin Set Up'65 yn Ootmarsum de twadde oerwinning op rige, fia de setstannen 25-15, 15-25, 16-25 en 24-26 waard it 3-1.

Besjoch hjir de hichtepunten en reaksjes:

Yn Henriëtte ter Steege hat de earedifyzjonist foarearst in ferfanger fûn. En dat wurket oant no ta prima.

Sûnt assistint-trainster Henriëtte ter Steege as haadcoach foar de groep stiet, hat VC Snits twa kear op rige wûn. De oerwinning yn Ootmarsum soarge foar ûntlading. Ferline seizoen hie VC Snits alle útwedstriden tsjin Set Up'65 ferlern, mar dy negative spiraal is no trochbrutsen.

Trefwurden: 
VC Snits follybal Set Up'65
(advertinsje)
(advertinsje)