Wüst en De Jongs gjin poadium by 1.000 meter, baanrekôr Leenstra ferpolvere

17 nov 2019 - 14:12

Op de lêste dei fan de wrâldbekerwedstriden yn Minsk is it Ireen Wüst en Letitia en Antoinette de Jong net slagge om in poadiumplak te beheljen op de 1.000 meter foar de froulju. Jorien ter Mors behelle sulver, mar Letitia de Jong waard fiifde, Ireen Wüst sânde en Antoinette de Jong achtste. Winner op dizze ôfstân waard Brittany Bowe fan de Feriene Steaten, mei in tiid fan 1.15.35. Marrit Leenstra rekke har baanrekôr kwyt oan Bowe.

Marrit Leenstra op de 1.000 meter ferline jier - Foto: ANP

Letitia de Jong (26) sette in tiid del fan 1.16.15. Ireen Wüst (33) kaam twa plakken efter har terjochte mei 1.16.58 en dêrûnder Antoinette de Jong (24) mei 1.16.60. Juster slagge it Wüst noch om goud te pakken op de 1.500 meter.

Leenstra baanrekôr kwyt

It baanrekôr stie foar de wedstriid op 1.15.82, dat rekôr wie fan de Friezin Marrit Leenstra, dy't yntusken opholden is. Sy ferwachte al dat sy har rekôr snein kwytreitsje soe, en dat barde ek. Brittany Bowe wie krekt wat rapper as har. Leenstea foarspelde Jorien ter Mors of Brittany Bowe, en dat binne ek krekt de nûmer 2 en 1 wurden.

Trefwurden: 
reedriden 1.000 meter Minsk
(advertinsje)
(advertinsje)