Ynbrutsen oan de Roggeblom yn Bûtenpost, mar neat meinommen

17 nov 2019 - 10:28

Neffens de plysje fan Noardeast-Fryslân is der sneon ynbrutsen yn in hûs oan de Roggeblom yn Bûtenpost. In rút is forsearre en dêrnei hawwe de dieders de wente trochsocht. It liket der lykwols op dat der neat meinommen is. De plysje freget lykwols wol oft der tsjûgen binne en oft der fertochte minsken of auto's sjoen binne yn de strjitte.

Foarbyldfoto fan in wenningynbraak - Foto: Shutterstock.com
(advertinsje)
(advertinsje)