Boekekast #8: Twa ferhalen fan Sipke de Schiffart

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan ha we goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze achtste Boekekast twa ferhalen fan Sipke de Schiffart. Earst 'In bysûndere moeting' en dêrnei 'Sjappy'. Beide ferhalen wurde foarlêzen troch Eric Ennema.
Foar it ferhaal 'In bysûndere moeting' krige De Schiffart yn 2018 de Rely Jorritsmapriis. It ferhaal is earder ferskynd yn it Rely-nûmer fan it tydskrift Ensafh. Dit ferhaal is as earste te hearren yn dizze Boekekast.
Dêrnei folget de foarpublikaasje fan De Schiffart syn roman 'Sjappy'. Dit ferhaal hat earder te lêzen west yn De Moanne: nûmer 1, 2019.
Dizze ôflevering fan Boekekast is krekt as de oare ôfleveringen te beharkjen op Spotify.

Sipke de Schiffart

Sipke de Schiffart skriuwt sawol poëzy as proaza, dêrnjonken is hy warber as skilder. De ferhalebondel 'Wat it is om bang te wêzen', syn debút út 2012, waard entûsjast ûntfongen. De Schiffart waard nominearre foar de Rink van der Velde en de Douwe Tammingapriis. Syn proaza wurdt skaaimerke troch in fassinaasje foar dea, seks en geweld, beskreaun mei in swartgallige, flymjende humor.
De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechtjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.