Van der Zwan wol stipe fan it Ryk foar gemeenten yn PFAS-kwestje

17 nov 2019 - 11:31

Gemeenten hawwe te krijen mei hege kosten troch it oerheidsbelied om de PFAS-kwestje hinne. Projekten lizze stil en gemeenten binne in soad jild kwyt om't sy bygelyks depots ynstelle moatte om grûn op te slaan. Tjeerd van der Zwan is njonken boargemaster fan Hearrenfean ek lid fan de kommisje Milieu fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG). Hy fyn it net billik mear en wol dat it Ryk gemeenten mear stipet.

Tjeerd van der Zwan - Foto: ANP

"De kosten van vertraagde projecten, bodemonderzoeken en het maken van de opslagplekken lopen op van tienduizenden tot meer dan 100.000 euro per gemeente. Wij vinden het niet meer dan billijk dat het Rijk ons hier in tegemoet komt," seit Van der Zwan. Mei PFAS wurde de skealike stoffen oanjûn dy't yn de grûn bedarre binne. Troch strangere miljeuregels kin der no net in soad grûn ferpleatst wurde.

Tydlik grûndepot

"Bij Heerenveen hebben wij bijvoorbeeld hoveniers, kleine aannemers en particulieren in de wijk Skoatterwâld die grond kwijt moeten. Normaal kan men dat ook gewoon kwijt, maar nu niet. Daarom hebben wij in Heerenveen een tijdelijk gronddepot opgezet. Dat mag voor een half jaar, maar dat kost wel geld. Wij moeten nu onderzoek doen, samen met Wetterskip Fryslân, de provincie en andere gemeenten naar de hoeveelheid PFAS is die men in z'n algemeenheid in Fryslân in de grond tegenkomt," leit Van der Zwan út.

Ek moatte de gegevens neffens him yn in boaiemkwaliteitskaart ynfierd wurde, om te bepalen wêr wol en net grûn hinne mei. "Als de PFAS in de grond is vastgesteld kun je daarna een handelingskader daarop afstellen. Al die mensen die met grondverzet zitten en particulieren die grond uit hun tuin willen verplaatsen naar een gronddepot, zij komen in de problemen omdat men niet weet hoeveel PFAS er in zit. Laboratoria worden overspoeld en het duurt maanden voor er een uitslag is."

Undersyk

Hy docht syn útspraak nei in ûndersyk fan de VNG ûnder 208 Nederlânske gemeenten (fan de yn totaal 355). Ut de enkête die bliken dat sa'n 68 persint fan de gemeente lêst hat fan PFAS-problemen. Sa'n 19 persint ferwachtet ynkoarten problemen te krijen. Yn mear as de helte fan de gefallen giet it om problemen mei wenningbou, mar ek ûnderhâldswurk en oanlis fan diken en brêgen lizze stil.

Kosten Hearrenfean: sa'n 20.000 euro

Van der Zwan: "Er zijn diverse gemeenten waar dit soort hoge kosten zijn gemaakt, dat loopt per gemeente op van zo'n 10.000 tot zo'n 100.000 euro. Bij ons is het denk ik zo rond de 20.000 euro. En wij vinden dat dit veroorzaakt door het beleid van het kabinet, het tijdelijk handelingskader dat onnodig was. Wij vinden dat het Rijk daarom de kosten ook moet vergoeden."

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean

(advertinsje)
(advertinsje)