Isaac Gillissen (Harns) wint WK racespul Logitech G Challenge yn Las Vegas

Isaac Gillissen (19) fan Harns is net allinne Europeesk kampioen wurden mei it kompjûter-racespul yn de Logitech G Challenge 2019, mar hy hat ek de wrâldtitel pakt. Yn Las Vegas is Gillissen sneon wrâldkampioen wurden mei it E-racen. Neffens Gillissen is it in ûnfoarstelber barren dat hy foar it east nei Las Vegas kommen is en dat hy der as winner wer wei giet.
Isaac Gillissen nei it winnen fan de Europeeske finale © Logitech G
Twadde waard Elvin Smith fan Skotlân en tredde waard Christian Wiggins fan de Feriene Steaten. Nei it winnen fan de Europeeske titel krige Gillissen al in soad reaksjes. Tongersdei is hy nei Las Vegas reizge. De finale wie sneon om 1.00 oere Nederlânske tiid.
Gillissen hat yn de hiele kompetysje mear as 22.000 E-racers ferslein. Troch de winst mei hy no meidwaan oan de Mclaren shadow finale yn Londen yn desimber fan dit jier.
Gillissen fertelde earder tsjin Omrop Fryslân oer de Logitech G Challenge: "Het is een racespel wat heel realistisch is, de auto en het circuit zijn net als de echte auto's en circuits. Ik speel het op de computer met een stuurtje en dat geeft weerstand net als in het echt. Zelfs Max Verstappen bereidt zich op de simulatie ook zo voor op wedstrijden. Het is eigenlijk niet van echt te onderscheiden."