Domela Nieuwenhuis 100 jier ferstoarn: libje syn ideeën yn 2019 noch?

17 nov 2019 - 09:45

'Us Ferlosser' is moandei eksakt 100 jier lyn ferstoarn. Dat wie de bynamme fan dûmny Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), de romrofte sosjalistyske en letter anargistyske foarman. Fan ein jierren 1870 ôf besocht Domela as ien fan de earsten mear rjochten foar arbeiders foarinoar te krijen. Yn ús provinsje krige hy in grutte oanhing.

Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919) - Foto: Rijksmuseum

Dit jier binne der ferskate aktiviteiten om Domela te betinken en syn gedachteguod yn eare te hâlden. Yn Buro de Vries komme fjouwer gasten oan bar, dy't elts in bân mei de man hawwe, op útinoar rinnende wizen.

De fjouwer gasten yn Buro de Vries komme ta de konklúzje dat Domela grif klimaataktivist west hie, as hy yn de tiidmasine siet en no yn ús lân wêze soe. Domela wie in oertsjûge fegetariër en hold him bot mei de natuer dwaande. Syn grutste striid gie lykwols oer maatskiplik ûnrjocht. Domela Nieuwenhuis wurdt sjoen as ien fan de grûnlizzers fan it sosjalisme yn Nederlân.

De folsleine dokumintêre oer Domela Nieuwenhuis

Fryslân learde Domela yn it earstoan kennen as predikant. Hy kaam fan Hollân nei ús provinsje. Hy preke yn de Luterkse tsjerke fan Harns en wenne dêr doe ek. Mar mei troch it ferlies fan trije froulju yn harren kreambêd ferlear hy syn leauwe yn God. Nei njoggen jier as predikant ferliet hy de tsjerke. Hy rjochte in frijtinkersbeweging op en bekearde him ta it sosjalisme. It wiene rûzige tiden. Arbeiders kamen hieltyd mear yn opstân, bygelyks yn de feanterijen yn Fryslân. Domela waard harren 'ferlosser'.

Boargemaster Sluiter

Boargemaster Roel Sluiter fan Harns hâldt tiisdei in lêzing oer Domela yn it Hannemahûs yn Harns. De sosjalistysk foarman luts al jong de oandacht fan de boargemaster fan Harns. "Als jong beginnend links mannetje was ik een bewonderaar. Niet van Troelstra, die was niet radicaal genoeg," seit hy. De boargemaster tinkt lykwols dat Domela him no in rjochts figuer fine soe. Sluiter is lid fan de PvdA, dat soe neffens Nieuwenhuis grif net links genôch wêze.

Roel Sluiter by de tsjerke dêr't Domela Nieuwenhuis preke - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Boargemaster Roel Sluiter fan Harns oer Domela Nieuwenhuis

Janny van der Molen

Janny van der Molen is al lang ynteressearre yn it libben en tinken fan Domela Nieuwenhuis. Hielendal doe't se yn De Knipe kaam te wenjen en útfûn dat der yn 1890 yn de buert in grutte sosjalistyske meeting wie. Earder al skreau se in boekje oer Domela yn in rige oer helden. Dit jier hat se wer in boek skreaun, dêr't Domela in rol yn spilet.

De meeting op buorskip De Mar by It Hearrenfean wie ien fan de grutsten. Sa'n 15.000 minsken kamen der op ôf. Ien fan de sprekkers wie Wilhelmina Drukker. It boek fan Janny giet oer Geertje Kleefstra, in jonge frou út Fryslân. Sy is oanhinger fan Domela en letter ek striidmakker. It deiboek, de titel fan it boek, is spesjaal skreaun fanwegen it Domela-jier. Neffens Janny van der Molen hat Domela, ek al einige hy as anargist, in soad betsjutten foar arbeiders en de rjochten dy't hjoed-de-dei noch bestean.

Janny van der Molen oer Domela Nieuwenhuis en de sosjalistyske striid

(advertinsje)
(advertinsje)