Skriuwster Aggie van der Meer krijt Gysbert Japicxpriis yn folle tsjerke

17 nov 2019 - 07:39

Skriuwster Aggie van der Meer (92) hat sneon de Gysbert Japicxpriis yn ûntfangst nommen. Ein septimber is al bekend makke dat sy de priis krije soe, mar no is de oarkonde echt oerlange. Dat barde yn in grôtfolle Martinitsjerke yn Boalsert, it wenplak fan de skriuwster.

Skriuwster Aggie van der Meer en deputearre Sietske Poepjes - Foto: Provinsje Fryslân

Van der Meer krige de oarkonde fan kultuerdeputearre Sietske Poepjes. It sjueryrapport is yn de tsjerke foarlêzen troch foarsitter Houkje Rypstra. Nei't sy de priis krige, hat Aggie van der Meer noch in tankwurd foarlêzen yn de tsjerke. Nei 33 jier is de priis sa wer nei in frou gien. Van der Meer krijt de priis foar har hiele oeuvre, fan poëzy, romans en novellen.

(advertinsje)
(advertinsje)