VC Snits wint twadde wedstriid op rige

VC Snits hat ek yn it twadde duel ûnder lieding fan Henriëtte ter Steege de winst helle. Yn Ootmarsum waard it tsjin Set-Up'65 3-1. De thúsploech pakte noch wol de earste set, mar dêrnei pakte Snits de rezjy yn de wedstriid oer (15-25, 25-15, 25-16 en 26-24).
© Omrop Fryslân, Freark Wijma
Set-Up'65 dielde de earste klap út yn Ootmarsum. De thúsploech wûn de earste set mei tsien punten ferskil. De twadde set wie in stik spannender. VC Snits koe better bybliuwe, en sa no en dan ek in foarsprong pakke. Oan de ein fan de set waard dy foarsprong útwreide, en waard it 1-1 yn sets.

Snits lûkt goede gefoel troch

De Snitsers lutsen dat goede gefoel fan setwinst yn de tredde set troch. De ploech kaam rap op foarsprong, en dy foarsprong kaam net mear yn gefaar. De beslissende fjirde set wie spannend, want de ploegen wisten nea ôfstân fan inoar te nimmen. Snits wie úteinlik krekt wat skerper.
VC Snits wint wer: Jasmijn Akse matchwinner
Benammen Jasmijn Akse wie wichtich foar de Snitsers, sy skoarde 14 kear. Anlène van der Meer en Roos van Wijnen wiene beide 13 kear trefseker. Troch de twadde winst fan it seizoen stiet VC Snits foarearst op it sechsde plak yn de kompetysje, mar it kin snein noch wol ynhelle wurde troch FAST en Peelpush.
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.